Trailer rekket fan frachtwein en komt tsjin auto oan

29 nov 2018 - 15:45

By in oanriding tusken in frachtwein en in auto by Winaam is de bestjoerder fan de auto ferwûne rekke wêze. Dy is nei it sikehûs ta brocht. De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij.

Foto: Srfotografie

Op de N393 ferlear de frachtwein syn trailer en dy kaam op in temjitte kommende auto. Dy bedarre yn de greppel.

Hoe't de frachtwein syn trailer ferlieze koe, is net dúdlik. Dat wurdt ûndersocht.

Trefwurden: 
ûngelok Winaam N393 oariding
(advertinsje)
(advertinsje)