Xander Houtkoop eefkes werom by SC Cambuur

29 nov 2018 - 15:36

Xander Houtkoop is foar eefkes werom by SC Cambuur. De linkeroanfaller spile oant 'e mei ôfrûne simmer yn it gielblau. No traint er mei de beloften mei.

Foto: Orange Pictures

Cambuur en Houtkoop kamen dizze simmer net ta in akkoart oer in kontraktferlinging, wêrtroch't er de klup nei trije jier ferlitte moast. Hy kaam dêrnei út foar fuotbalklup HamKam, dat útkomt op it twadde nivo fan Noarwegen. Dêr hâldt de kompetysje yn de wintermoannen op en dêrmei einiget ek it kontrakt fan Houtkoop by HamKam.

No is er werom yn Ljouwert om syn kondysje op nivo te hâlden en te sjen wat er no wol mei syn karriêre. Yn de jeugd spile Houtkoop ek noch foar SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
SC Cambuur Xander Houtkoop
(Advertinsje)
(Advertinsje)