Dockinga College docht telefoan yn de ban, foar ien dei

It Dockinga College yn Dokkum organisearret moandei oer in wike in mobylfrije dei foar de learlingen fan de skoalle. De skoalle docht dat om de bern bewust te meitsjen fan de grutte ynfloed dy't de mobile telefoan hat. Ut ûndersyk docht bliken dat minsken mear op de telefoan sitte as dat se tiid trochbringe mei harren partner of freonen.
© Omrop Fryslân
Op it Dockinga College sjogge se in skealike ynfloed fan de smartphone. Bern ha ûnderling minder kontakt mei elkoar en de konsintraasje hat der ûnder te lijen, sizze se. Omdat it wol wat minder mei, hat de skoalle no in ludike aksje betocht, foar moandei 10 desimber.
De bern moatte oan it begjin fan de skoaldei de telefoan yn har klúske dwaan, dat wurdt ek kontrolearre én beleanne. It skoft duorret tsien minuten langer as oars en de bern bliuwe dan binnendoar. Dêr wurde aktiviteiten organisearre sadat bern wer echt mei elkoar oan de gong binne, lykas tafeltennisje en darte.