Natuurmonumenten hâldt enkête oer teloargean iepen lânskip

29 nov 2018 - 13:54

Wenwiken, wynmûnen, megastâlen en sinneparken. Us lânskip feroaret hurd. De iepen romte yn ús lân nimt elke dei mei acht hektare ôf.

Foto: Omrop Fryslân

Natuurmonumenten makket him hjir soargen oer en freget Nederlanners yn de Nasjonale Lânskip Enkête om harren út te sprekken oer de ynrjochting fan ús lânskip. Neffens direkteur Marc van den Tweel stiet dat op it spul. As foarbyld yn de enkête stiet ûnder oare de sinnegreide by Bûtenpost. Neffens Natuermonuminten is mar 13 prosint fan ús lân beskerme natuer.

Wylst op grutte dakken noch romte is foar 145 miljoen sinnepanielen, sjogge bestjoerders hieltyd faker nei natuergebieten om dêr sinneparken oan te lizzen. Meitsje fan de natuer gjin enerzjyfabryk, is de oprop fan Natuurmonumenten. De enkête is oant en mei 9 jannewaris yn te foljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)