Hake hopet dat Cambuur himsels tsjin FC Eindhoven wol beleannet

29 nov 2018 - 13:14

SC Cambuur krige de lêste twa wedstriden de kompliminten, mar it resultearre net yn in oerwinning. Freed sil dat oars moatte, as FC Eindhoven op besite komt yn it Cambuurstadion. Trainer René Hake hopet dat syn ploech himsels no wol beleanje sil. Hake stjoert deselde alve spilers it fjild yn: "Sinds we met die elf spelen, komen we zichtbaar beter aan voetballen toe. Aanvallend laten we meer zien."

René Hake

De Ljouwerters treffe yn FC Eindhoven de nûmer fyftjin fan de earste difyzje. "Ze zijn heel slecht begonnen en hadden daarna goeie fase", seit Hake. "Het is een ploeg die voorin over veel snelheid beschikt en vooral in de omschakeling gevaarlijk is."

Issa Kallon stiet freed foar de tredde kear op rige yn de basis. Hy is bliid dat hy no it fertrouwen krijt fan de trainer. "Dat is mooi. Het is even anders geweest, maar ik ben blij dat ik nu van waarde kan zijn voor het team."

Issa Kallon

De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Eindhoven set freedtejûn om 20.00 oere útein. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar fanút it Cambuurstadion wurdt fersoarge troch ferslachjouwer Andor Faber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)