Lutz Jacobi oer beslút boargemaster Crone: "Hy hâldt op op syn hichtepunt"

29 nov 2018 - 12:46

Dat boargemaster Ferd Crone nei 11 jier ophâldt is goed te begripen, seit Lutz Jacobi, de PvdA-fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Ljouwert. It is in moai momint nei in jier fan gloarje, wêryn't Crone achter de skermen in soad betsjutte foar de Kulturele Haadstêd. "Hy hâldt op op syn hichtepunt", seit Jacobi.

Foto: ANP

Jacobi fynt dat Crone it goed dien hat yn de Fryske haadstêd en dat er dêr goed paste: "In echte heit fan de boargers, dy't gewoan op de fyts troch Ljouwert gong en mei elkenien in praatsje makke."

Se is ek bliid dat Crone nei Den Haag giet, omdat hy dêr foar Ljouwert in soad betsjutte kin as lid fan de Earste Keamer. "Hy hat in geweldige bult finansjele kunde en in grut netwurk. Litte we hoopje dat hy in ambassadeur is foar Ljouwert en Fryslân", seit se.

"Hij genoot van z'n vak"

Ald-PvdA-riedslid Jan van Olffen is ferrast troch it beslút fan Crone, mar ek hy snapt de beslissing. As nestor fan de ried siet Van Olffen yn de betrouwenskommisje dy't de beneaming fan Crone behannele.

"Hij was een van de betere burgemeesters die ik in al die jaren heb meegemaakt. Echt een burgemeester die genoot van zijn vak. Hij wist bijvoorbeeld nog van alle besluiten de datum en daar sprak hij mij dan ook altijd op aan", seit Van Olffen.

Hy sjocht Crone as in man dy't boppe de partijen stie en tagonklik wie foar de boargers. Ek jout Van Olffen heech op oer de ynset foar de stêd en syn lobbywurk yn Den Haag.

Jan van Olffen oer Ferd Crone

Gemeenteriedslid Otto van der Galiën (058) oer Ferd Crone

Ljouwerters op it Cambuurplein oer it beslút fan Crone om op te hâlden

Lutz Jacobi oer beslút boargemaster Crone: "Hy hâldt op op syn hichtepunt"

(Advertinsje)
(Advertinsje)