Jet van Nieuwkerk: "Eetstoornissen nog altijd een taboe"

29 nov 2018 - 12:31

Yn Nederlân binne ytsteurnissen as anoreksia noch hieltyd in taboe. Sawol slachtoffers sels as de minsken yn har omjouwing doare der út skamte net oer te praten. Mar in ytsteurnis is in sykte dy't bestriden wurde moat. Dat fertelde Jet van Nieuwkerk, hobbykok, blogger, vlogger, en ja, dochter fan Matthijs. Se wie nei Ljouwert ôfreizge om op it poadium fan IepenUP Live benammen ynformaasje te jaan oer de ytsteurnis ortoreksia.

Jet van Nieuwkerk

Van Nieuwkerk hat nammentlik sels slachtoffer west fan dizze ytsteurnis, wêrby't de fokus hielendal op biologysk en sa sûn mooglik iten leit. Dat klinkt goed, mar yn de praktyk betsjut it al gau dat de persoan sa kritysk op syn iten wurdt, dat er hielendal neat mear ite wol. Krekt as mei anoreksia is de dea dan úteinlik it gefolch.

Sa fier is it mei Jet van Nieuwkerk lokkich net kommen. Yn de ferskate media besiket se de sykte ûnder de oandacht te bringen en jout advizen oan minsken dy't sels ek in ytsteurnis ha.

Jet krige dêryn stipe fan Isabelle Plasmeijer, ea sels pasjinte fan ortoreksia mar no profesjoneel 'ytsteurniscoach'. Neffens Isabelle moatte minsken dy't kampe mei ortoreksia op syk nei in nije identiteit. "Een identiteit die niet gekoppeld is aan gewicht, reputatie en prestaties, maar gebaseerd is op innerlijke kracht", fertelde Isabelle oan Amarins Geveke, dy't woansdeitejûn har debút makke as co-host njonken fêste presintator Jacco de Boer.

Isabelle Plasmeijer

Stedsboer en biologyske-grientespesjalist Gosse Haarsma en eigener-kok Allard van der Haring fan Jonker Sikke yn Jellum lieten it publyk in Neushoorn Café sjen, rûke en priuwe dat sûn iten ek hiel lekker wêze kin.

Haarsma, sels fanatyk feganist, fertelde dat hy syn grienten ferbout sûnder gebrûk te meitsjen fan dierlike mestprodukten. Van der Haring wit njonken de fegataryske pot in goed stik fleis wol op wearde te skatten. "Sa prate we thús yn 'e hûs Nederlânsk. Mar myn dochterke brûkt net het woord vlees. Ek sy seit fleis. 'Heit, mag ik een stuk fleis van jou?' Fan allinnich al dat wurd, dy klank, krije je al honger."

Gosse Haarsma

Sjoch hjirûnder nei de folsleine útstjoering fan IepenUp Live.

LIVE: Jet van Nieuwkerk yn IepenUP Live

Nije wike woansdei, 5 desimber, slacht IepenUP Live ien kear oer. Woansdei 12 desember is IepenUP Live werom mei in spesjale útstjoering oer It Krystliet. Mear ynformaasje dêroer is te krijen fia de webside fan Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)