Nijkommer yn de Fryske Top 100: 'Bist yn myn hert' fan Jos Harteveld

29 nov 2018 - 12:10

Der kin wer stimd wurde op de Fryske Top t00. The Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra, Piter Wilkens syn Knoopkes en it Bûthúsbankje fan De Wiko's. Alle bekende nûmers steane grif wer yn de list. Mar faaks sitte der dit jier ek in pear nijsgjirrige nijkommers tusken. Dizze wike stelle wy fjouwer nije kânshawwers oan dy foar. Hjoed: 'Bist yn myn hert' fan Jos Harteveld.

Fideo Nijkommer yn de Fryske Top 100: 'Bist yn myn hert' fan Jos Harteveld

Jos, do bist krektlyn dyn frou ferlern. Hoe is it no mei dy?

"In pear wike lyn is myn frou Monica ferstoarn. Sy wie al folle langer siik; fjouwer jier lyn waard botkanker konstatearre. Mei myn dochterke Emma ha ik spesjaal foar har in nûmer makke: 'Mijn mama is een ster'. Dat ha wy in wike foar har stjerdei opnaam en gelokkich hat myn frou it sels ek noch hearre kind. Dat wie in hiel emosjoneel momint, mar ik bin der ôfrgryslik grutsk op."

Hoe wichtich is muzyk by de ferwurking fan dyn fertriet?

"Muzyk is in hiel grut part fan myn libben. Ek no't myn frou ferstoarn is, helje ik dêr krêft út. It docht my bygelyks hiel goed om te hearren dat Willem de Vries yn Noardewyn Live stilstien hat by it ferstjerren fan myn frou en spesjaal foar ús it nûmer fan Emma en my draaid hat. Muzyk kin safolle treast biede."

Hasto it nûmer 'Bist yn myn hert' ek foar dyn frou skreaun?

"It bysûndere is dat ik dêr by it skriuwen net iens oan tocht ha. It is in oersetting fan it nûmer 'You're in my heart' fan Rod Stewart. Mei tekstskriuwer Wiebe van der Mei ha ik al meardere Fryske oersettings makke, mar dit is wol in hiel bysûnder nûmer wurden. Seker as ik no nei de tekst harkje; dan past it wol hiel goed by wat ik op dit stuit fiel. 'Bist yn myn hert, bist yn myn siel. Bist echt yn alles dat ik fiel. Bist myn leafste, myn bêste freon.' Sa is it presys. Monica sit djip yn my, foar altyd."

Hopest dat dit nûmer dit jier yn de Top 100 komt?

"Ik soe der hiel grutsk op wêze. Ik fyn it sels de moaiste oersetting dy't Wiebe en ik oant no ta makke ha. Wy wurde der hieltyd better yn. Wiebe is in wiere taalgek, benammen as it om de Fryske taal giet. En ik bin yn de rin fan de jierren hieltyd folwoeksener wurden yn myn sjongen. Dat hearst hiel goed werom yn dizze plaat. Dus wa wit dat er in plakje yn de list krijt."

Komme we noch oare nûmers fan dy tsjin yn de Top 100, tinkst?

"Ik ha al hiel wat nûmers makke, sawol yn it Frysk, it Nederlânsk as yn it Ingelsk. Dêrnjonken spylje ik yn de band SKÆVVER en treed ik op mei de symfoanyske rockband Leapday. Dy lêste is net sa bekend by it grutte publyk, mar wy ha oeral op de wrâld fans. Fan Sina en Japan oant Amearika. Dat is wol hiel bysûnder. Mar myn jild fertsjinje ik mei Two Faces, it duo dat ik foarmje mei Eddie Mulder."

Foto: Facebook Jos Harteveld

Ik sil ús heit en mem efkes freegje om op my te stimmen.

Jos Harteveld

Hast altyd muzikant wurde wollen?

"Ik siet as jonkje al betiid op de muzykskoalle. Doe't ik myn frou kennen learde, wurke ik noch en die ik de muzyk dernjonken. In jier as sân lyn ha ik folslein foar de muzyk keazen. Ik woe my net langer oer de kop wurkje. Myn karriêre begûn mei it Pink Floyd-projekt en stadichoan kamen dêr hieltyd mear dingen by. En yntusken kin ik libje fan de muzyk. Moaier is der net."

Hasto noch goeie foarnimmens foar takom jier?

"Myn goeie foarnimmen is om hiel goed foar myn dochter Emma te soargjen. Sy giet foar alles. En as it slagget, soe ik takom jier noch wol mear nûmers fan mysels útbringe wolle. Mear poppy-achtige dingen."

En ta beslút de fraach dy't wy oan elkenien stelle: stimsto op dysels?

"Ha, ik wol graach yn de Top 100 komme, dus ik tink dat ik wol efkes op mysels stim. En ik sil ús heit en mem noch freegje, dan ha'k yn elk gefal trije stimmen."

Bist yn myn hert - Jos Harteveld

Jou dyn stim!

Fan no ôf kinsto stimme op de Fryske Top 100 fan 2018. Folje hjir fuortendaliks dyn persoanlike top 5 yn!

Mear hearre fan Jos Harteveld? Hy is tongersdeitemiddei te gast yn it Omrop Fryslân-radioprogramma De middei fan Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)