"Belied beskerming fan ûnderwetternatuer yn Waadsee sjit tekoart"

29 nov 2018 - 12:01

De beskerming fan de ûnderwetternatuer yn de Waadsee rammelet. Dat seit Nina Fieten, dy't foar har oplieding Mariene Biologie oan de Ryksuniversiteit Grins it Nederlânske natuerbeskermingsbelied ûndersocht. Se neamt de situaasje sels pynlik. Oanlieding foar it ûndersyk is de evaluaasje fan de Nederlânske útfiering fan it Europeeske natuerbelied.

Foto: Remco de Vries

De Waadsee is sûnt 2009 beskerme ûnder it Europeeske Natura 2000. Nederlân moat de leefgebieten en de soarten yn de see beskermje, mar it giet al langer net goed mei de Waadsee, benammen ûnder wetter. Sa giet de fiskstân bot efterút.

Stappeplan foar ferbettering

Ut it healjier duorjende ûndersyk fan Fieten docht no bliken dat it belied op allerhande nivo's tekoartsjit. Yn it rapport stiet in stappeplan foar ferbettering. Sa moat de ûnderwetternatuer better omskreaun wurde, moat der in ekstra beskerme leefgebiet oanwiisd wurde en moat der in oersjoch komme fan de effekten fan alle aktiviteiten op de natuer yn de Waadsee.

De Waadferiening wol de útkomsten fan it ûndersyk tenei brûke om belied te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)