Mooglik brânstichting by bedriuwsbrân De Gordyk

De plysje hat oanwizingen dat de brân fan ferline wike freed by in camperbedriuw op De Gordyk oanstutsen is. By de brân giene seis campers folslein ferlern en binne hast fiiftjin campers swier skansearre rekke.
© Srfotografie
De brân is foar de eigener fan it bedriuw in swiere klap. Hy skat dat de skea yn de tonnen rinne sil, en slút net út dat it wolris tsjin it miljoen euro útkomme sil. Mei troch de wyn en it plestik koe de brân him gau ferspriede. De skansearre campers wiene allegearre occasions.
De plysje kin noch gjin útspraken dwaan oer wêr't de brân begûn is, of hokker oanwizingen der fûn binne foar brânstichting. De saak wurdt de kommende wiken noch fierder ûndersocht.
Libbenswurk Taekema fernield troch brân