Ferd Crone hâldt takom simmer op as boargemaster fan Ljouwert

29 nov 2018 - 12:07

Ferd Crone hâldt op as boargemaster fan Ljouwert. Hy wie sûnt 2007 boargemaster yn de Fryske haadstêd. Crone (64) is troch syn partij, de PvdA, foardroegen foar plak trije op de kandidatelist foar de Earste Keamer.

Foto: Gemeente Ljouwert

Crone: "Ik ervaar deze voordracht als buitengewoon eervol en ik kijk er ook naar uit, wanneer het congres half januari hier ook mee instemt, om terug te keren naar Den Haag." Crone siet fan 1994 oant 2007 yn de Twadde Keamer. Dêrnei folge er Geert Dales op as boargemaster fan Ljouwert.

Een mooi moment voor een wisseling van de wacht.

Ferd Crone

De leden fan de Provinsjale Steaten kieze op 27 maaie 2019 de nije Earste Keamer. It kombinearjen fan it boargemasterskip mei in lidmaatskip yn de Earste Keamer is tastien, mar dochs hâldt Crone op. "Na 11,5 jaar fijne en vruchtbare samenwerking met Raad, College en vele burgers, bedrijven en instellingen, en met de afsluiting van de Culturele Hoofdstad van Europa is het een mooi moment voor een wisseling van de wacht."

De proseduere foar de opfolging fan Crone sil yn oerlis mei de kommissaris fan de Kening, Arno Brok, en de gemeenteried gean.

Langst sittend sûnt Brandsma

Crone is de langst sittende boargemaster fan Ljouwert sûnt Johannes Brandsma. Dy wie dat fan 1967 oant 1983.

(Advertinsje)
(Advertinsje)