Man út Snits wurdt net goed troch ûnbekende stof: strjitte ôfsletten

29 nov 2018 - 10:41

Trije bewenners fan in hûs oan De Steenklip yn Snits binne tongersdeitemoarn nei it sikehûs brocht nei't se yn oanrekking kaam wiene mei in ûnbekende stof.

Foto: De Vries Media

Ien fan de bewenners waard net goed, de twa oare bewenners hiene lêst fan pineholle. Se warskôgen de plysje.

Dy fertroude de saak net en hat de brânwacht der by helle. Dy ûndersiket om watfoar guod it giet. Om't it om meardere persoanen giet, rieden de helptsjinsten manmachtich út.

Trefwurden: 
Snits Steenklip
(advertinsje)
(advertinsje)