Jonges traapje doar stikken en brekke yn by LAC Frisia

Twa jonge mannen ha yn de nacht fan snein op moandei ynbrutsen by fuotbalklup LAC Frisia 1883 út Ljouwert. De klup hat bylden dield.
Dêrop is te sjen dat de jonge mannen om trije oere hinne yn de nacht in doar stikken traapje en dêrnei de klûs iepenbrekke. It liket oft se krekt witte wêr't de klûs stiet en dat jildt ek foar de kamera. Frisia lit witte dat sy "enorm geschokt en teleurgesteld zijn". De klup hat oanjefte dien by de plysje.
In jier tebek wie der ek al in ynbraak by de fuotbalklup, fêstige op kompleks De Magere Weide. Doe waard drank, snobbersguod en in mingpaniel fuortnaam. Dêrnei hat Frisia in tal maatregels naam, wêrûnder it pleatsen fan mear kamera's.