Boargemaster Skiermûntseach ynformateur yn Grins

29 nov 2018 - 08:22

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach sil oan de slach as ynformateur yn de gemeente Grins. Se is troch har partij GroenLinks frege foar it wurk. Van Gent siet fan 1985 oant 1994 sels foar dy partij yn de gemeenterie fan Grins, letter wie se lid fan de Twadde Keamer foar GroenLinks.

Foto: Ineke van Gent

GroenLinks waard by de weryndielingsferkiezings fan 21 novimber de grutte winner yn Grins. De partij helle alve sitten, hast twa kear safolle as de nûmer twa.

Fraksjefoarsitter Glimina Chakor fan GroenLinks seit oer de beneaming by RTVNoord: "Ik heb gekeken naar mensen die een binding hebben met Groningen. Ze heeft heel lang in de gemeenteraad van Groningen gezeten, ook in de Tweede Kamer en ze is nu burgemeester van Schiermonnikoog. Een geweldige kandidaat. En ik moet eerlijk bekennen dat ik ook gekeken heb naar vrouwen, want dat vind ik toch heel belangrijk."

Chakor wol dat Van Gent "overuren gaat maken en snel in gesprek gaat". Se doart noch gjin datum te neamen wêrop der in nij kolleezje wêze moat, mar hopet dat der heal desimber yn elts gefal in advys leit.

(advertinsje)
(advertinsje)