Durk Stoker beëdige as wethâlder fan De Fryske Marren

Durk Stoker is woansdei by de riedsgearkomste fan De Fryske Marren beëdige as wethâlder. De âld-Jouster folget Johannes van der Pol op.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
Stoker waard earder al troch syn partij FNP foardroegen. Hy hat in soad ûnderfining yn de polityk. Stoker wie oant in jier lyn wethâlder yn buorgemeente Súdwest-Fryslân. Fierder is Stoker foarsitter fan de lanlike Onafhankelijke Senaats Fractie, dêr't de FNP ûnderdiel fan útmakket.
"Binnen ús partij binne we tige bliid mei Durk Stoker, it is de goeie persoan op it goeie momint", sei bestjoersfoarsitter Wouter Wouda earder al. Mei Durk Stoker as betûft persoan kin ek it kolleezje neffens de FNP goed fierder.