Kollum: "Hearlike nije wrâld"

"Dit is 'Tuyo' fan Rodrigo Amarante, in Braziliaanske singer-songwriter dy't dit nûmer skreaun hat foar de Netflix-searje Narcos. Narcos giet oer hoe't Amerikaanske ynljochtingetsjinsten yn 'e ôfrûne tritich, fjirtich jier húshâlden ha yn Súd- en Midden-Amearika, en oer de drugsmaffia dêr en doe.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Dy wiene ferskriklik wreed, noch altyd trouwens, en ast net oer bloed en sjitgewearen kinst, moatst Narcos mar net oan sette.
Wat in kontrast foarmet de toan fan dit nûmer, en dat is wêrom't ik it yntro fan Narcos einliks nea skip. Wat in hearlike nije wrâld. It is sa rêstich, sa laidback, sa leaflik, en fantasearrest earder oer in yn 'e waarmte fan 'e sinne sidderjende stêd dêr't siësta's needsaak binne, of in palmestrân mei in folle moanne boppe in kobbeljende oseaan as oer drugs, ôfparsingen en likwidaasjes.
Ik moast deroan tinke doe't ik tiisdei it sjoernaal seach. Der wie in item oer in dronesfestival, Drone Week. En om sjen te litten dat se oe-sa by de tiid binne, lieten se in drone yn 'e NOS-studio fleane. Binnendoar fleane mei sa'n ding wurdt einliks altyd ôfret mar hee, dit is hip and happening, dus hoppa.
Astrid Kersseboom wie net mear te ferstean, spitigernôch. Dat fûn ik wol grappich, want al dy spektakulêre loftbylden dy't we tsjintwurdich yn it sjoernaal en op YouTube sjogge, binne allegearre hermontearre sûnder it ûnútsteanbere jankende lûd dat dizze kringen meitsje. Se montearje der leaver in rêstjouwende voice-over ûnder, of in lekker muzykje. Bedroch, want drones meitsje gewoan in ûntychlik soad lawaai. En dit is der noch mar ien.
Eartiids, doe't ik noch oan 'e Ivige Leane wenne, hiene we op in kilometer ôfstân fan ús hûs in fleanfjild foar modelfleantugen. Dat wie doe noch mei ferbrâningsmotoaren, en drones fleane tsjintwurdich op akku's, mar it blykt dat ast meardere drones tagelyk hearst, it dochs in ferdomd soad liket op dy kutfleantugen. In pear jier wie it elk wykein mei moai waar in tyfusherje, en in protte klachten út de buert wiene it gefolch.
Goed, drones dus. Tige optein oer de mooglikheden wiene sawol de organisator fan it festival as de ferslachjouwer. Se hiene sels in model fan in joekel fan in drone dy't auto's optille kin. Dé oplossing foar it fileprobleem, waard sein. Ik tocht allinnich mar oan de ferskuorrende pokkeherje dy't in drone fan fiif meter breed meitsje sil. En ik konstatearre noch in probleem: elkenien dy't binnen fiif meter fan sa'n auto stiet, wurdt de holle ôfslein troch de propellers. Net te folle oan 'e beswieren tinke, sei de heechlearaar Luchtvaartindustrie. Negearje ek even alle beswieren dy't der no al binne oer it fleantugelawaai fan Schiphol. Nee, drones, dat is echt in oplossing foar de problemen fan dizze tiid: hip and happening.
Miskien ûntgiet my it ien en oar, mar sette we yn dizze tiid ús wizzkids, ús yngenieurs en alle oare knappe koppen en sels ús sjoernalistyk wol op it goeie yn? De Verenigde Naties warskôget foar it opwaarmjen fan 'e ierde; en fan alle 195 lannen op ierde wit allinnich Marokko safolle útstjit te foarkommen dat de gemiddelde temperatuer net mear as 1,3 graden heger wurdt. Mar de wrâldkaart stiet fol mei reade flekken, sa as Nederlân, en swarte flekken, sa as de VS en Ruslân.
Soene al dy hip and happening-typen net harren kennis ynsette moatte om de ierde te rêden? Want kinst wol drones útfine dy't foar myn part op 'e kop fleane kinne, mar as der gjin ierde mear is om op te fleanen, wat ha we der dan oan? We knutselje en prutse mei ús knapste koppen oan de ferkearde saken. We steane mei syn allen fol bewûndering betovere te sjen nei de sprankeljende turbofytsferjochting mei kralen en kettinkjes dy't ús foarsteld wurdt foar de fyts fan 'e takomst, wylst alle fytspaden oan it fersakjen binne. Wat in hearlike nije wrâld.