Jonges smite fjoerwurkbom troch brievebus fan in hûs op It Hearrenfean

29 nov 2018 - 07:02

De plysje op It Hearrenfean siket de dieders dy't op de Mauritsleane yn de wyk Skoatterwâld in Cobra 1-fjoerwurkbom yn de brievebus fan in hûs stoppe ha. Troch de enoarme klap ûntstie in soad skea oan de wenning.

In Cobra 6, in swierdere fariant fan de Cobra 1. - Foto: ANP

De bewenners binne neffens de plysje bot skrokken en oandien. It ynsidint wie al op 9 novimber, mar de plysje freget der no oandacht foar, mei om't der de lêste tiid mear fernielingen binne op de Mauritsleane.

Sa waard in rút fan in hûs beklieme en waard in stjonkbom fia in brievebus nei binnen smiten. De plysje tinkt dat de jeugd der efter sit. Se binne spesifyk op syk nei twa jonges tusken de 14 en 17 jier, dy't troch tsjûgen sjoen binne.

(advertinsje)
(advertinsje)