Froulju fan Fryslân: Froukje, foarsitter SC Hearrenfean Froulju

29 nov 2018 - 06:47

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is foarsitter fan SC Hearrenfean Froulju: Froukje Hofma (It Hearrenfean).

Froulju fan Fryslân: Froukje, foarsitter SC Hearrenfean Froulju

Yn de ôflevering fan 29 novimber komt Froukje del yn de brûnsjitterij. Sy mei alfêst efkes by har boarstbyld sjen. Hoe is it foar dizze stoere frou om ynienen each yn each mei har evenbyld te stean. De spylsters fan SC Hearrenfean Froulju hoegden der net lang oer nei te tinken: sy nominearren harren foarsitter Froukje. Sy set har mei hert en siel yn om it frouljusfuotbalteam op de kaart te setten.

Wa is Froukje?
Froukje is foarsitter fan SC Hearrenfean Froulju. Sy hat in dúdlike fyzje foar it frouljusfuotbal en emansipaasje yn it algemien. As frijwilliger is sy altyd yn it spier foar de klup en op in pasjonearre wize belutsen by de spylsters, dy't op harren beurt hiel wiis binne mei Froukje.

De nominaasje
Froukje waard nominearre troch trainster Akke Annema en twa spylsters: "Froukje is de foarsitter fan SC Hearrenfean Froulju fuotbal en karlûker om it fuotbal foar famkes yn Noard Nederlân op de kaart te krijen. As frijwilliger stekt sy in hiel soad oeren mei har bestjoer yn de organisaasje fan de Froulju fan Hearrenfean. De froulju binne in aparte stichting en hearre nét by SC Hearrenfean."

Wêrom setsto dy sa yn foar it frouljusfuotbal?
"Ik fuotbalje sels net en myn dochters ek net. Mar ik fyn gewoan dat frouljusfuotballers gelike fasiliteiten krije moatte as manlju. Dêrom meitsje ik my dêr sa hurd foar".

Wat fynst fan dyn byld?
"De earste kear dat ik boarstbyld seach wie ik echt oandien. It is dochs wol hiel bysûnder, sa'n evenbyld fan dysels."

Wat stiet der op Froukje har boarstbyld?
"Jonges en famkes moatte deselde dream hawwe kinne. Se moatte allegearre by it Abe Lenstra Stadion del ride kinne en tinke: dêr sil ik letter spylje."

Fan it maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy't in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr't in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der fan har in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

(Advertinsje)
(Advertinsje)