Frou yn Drachten oerfallen en stutsen by har auto
In 31-jierrige frou út Drachten is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oerfallen. It slachtoffer is by de oerfal stutsen.
De frou stie om middernacht hinne by har auto by har wenning oan de Toerstrjitte, doe't se ynienen fêstpakt waard troch in man. Hy skuorde in lytse sporttas fan har skouder en stuts de frou.
Hy naaide dêrnei út yn de rjochting fan it sintrum. De frou moast nei it sikehûs om har wûne behannelje te litten, mar koe dêrnei nei hûs. De plysje siket tsjûgen fan de oerfal. De dieder is in foarse man fan sa'n 40 jier, mei in lyts burd en sa'n 1 meter 80.