Undersyk moat bydrage leverje oan ferbettering fan de ynsektestân
In krûderike râne om it lân hinne is de bêste maatregel dy't in boer nim kin om de ynsektestân op syn lân te ferheegjen. Sawol flinters as ynsekten en de bistjes op de grûn, sa as kevers en spinnen, profitearje hjirfan. Dat blykt út ûndersyk fan de Vlinderstichting yn gearwurking mei feriening De Lege Midden en It Fryske Gea.
Undersyk moat bydrage leverje oan ferbettering fan de ynsektestân
Yn it ûndersyk binne sân ferskillende behearmaatregels tapast. Ek it beheind meanen fan begroeiïng rûnom peallen yn it lân en betiid meanen, folge troch yn fazen meane, befoarderje de ynsektestân. It ûndersyk is fan 2015 oant 2017 útfierd op 24 lokaasjes yn De Lege Midden.
Oer ferbettering fan de wylde bije-stân jout it rapport gjin ynsichten. Dêrfoar sieten der te min bijen yn it proefgebiet. De ûndersikers hoopje mei it ûndersyk in bydrage te leverjen oan de ferbettering fan de ynsektestân dy't soarchlik omleech gien is de ôfrûne desennia.
De útkomsten binne woansdeitejûn presintearre op in gearkomste yn De Feanhoop. It rapport waard oerlange oan deputearre Johannes Kramer.