Papieren foar bou nij Cambuurstadion moatte yn pear dagen rûn wêze

28 nov 2018 - 21:34

It is in kwestje fan dagen foardat de oerienkomsten foar de bou fan it nije Cambuurstadion tekene binne. Dat seit foarsitter Piet Adema fan WTC Beheer yn reaksje op de fraach fan de gemeente wêr't de tekene papieren bliuwe.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Boargemaster en wethâlders wachtsje noch op in keapoerienkomst fan de Stadion Ontwikkeling Cambuur (SOC), it WTC en eigener Jan Anker, sa docht bliken út in brief nei de gemeenteried. Dêryn stiet: "Helaas hebben wij op dit moment nog niet de beschikking over alle noodzakelijke documenten" en "Er is op dit moment nog onvoldoende perspectief op de beschikbaarheid van enkele benodigde documenten".

Neffens Adema is der gjin sprake fan fertraging en moatte de papieren allinne noch troch juristen besjoen wurde op details. De gemeente is fan alles op 'e hichte en kin dus op koarte termyn de papieren ferwachtsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)