Beslút sânwinning Iselmar definityf útsteld nei takom jier

28 nov 2018 - 21:02

It beslút oer de sânwinning yn de Iselmar by Aldemardum is definityf útsteld nei begjin 2019. De ried fan gemeente De Fryske Marren stimde yn grutte mearderheid yn mei it fan de aginda heljen fan it ûnderwerp.

Beslút sânwinning Iselmar definityf útsteld nei takom jier

It inisjatyf hjirfoar kaam fan de koälysjepartijen. Neffens har binne der fragen steld oan de minister, dy't earst noch beäntwurde wurde moatte. De opposysjepartijen wiene hjir bot oer fernuvere. Neffens harren hiene sy al langer grutte fraachtekens by de plannen, mar binne dy nea serieus naam. Pas no't der fragen steld binne oan de minister, woe de koälysje it beslút útstelle.

Aksjefierders

By de riedsgearkomste wiene ek goed hûndert aksjefierders. Dy wiene mei trije bussen ôfreizge nei de riedsgearkomste om harren sjen te litten. Foarôfgeand oan de gearkomste oerlangen se in petysje oan boargemaster Fred Veenstra tsjin de sânwinning. Goed achttûzen minsken hawwe dy petysje tekene.

Beslút sânwinning Iselmar definityf útsteld nei takom jier 2

(Advertinsje)
(Advertinsje)