Drachtster (19) krijt hoarekaferbod fan tsien jier

28 nov 2018 - 20:47

In 19-jierrige ynwenner fan Drachten hat in hoarekaferbod fan tsien jier krige, nei't er op 22 oktober fan dit jier by in kafee oan de Noardkade yn syn wenplak besocht hie in flesse wodka te stellen. Dat mislearre, om't in portier de stellerij yn 'e gaten krige.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Drachtster sei woansdei tsjin de rjochter dat hy in grap úthelje woe. Hy soe fan doel west hawwe om de flesse werom te jaan. Hy moast mei in oar 19-jierrich plakgenoat foarkomme. De twa waarden fertochte fan in wenningynbraak. De rjochter spruts beiden frij, om't der net genôch bewiis wie.

Ien fan de twa manlju waard op 20 septimber betrape op it besit fan in stroomstjitwapen. Dêrfoar krige hy in boete fan 100 euro. Foar de stellerij fan de flesse sterke drank lei de rjochter him ek noch in wurkstraf fan 30 oeren op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)