Hy dûkte ûnder yn Fryslân, en soarget no foar in histoaryske Holocaustfergoeding fan de NS

De man dy't nei in jierrenlange striid tsjin de NS foar elkoar krigen hat dat it spoarbedriuw in skeafergoeding betelje sil oan oerlibjenden en neibesteanden fan de Holocaust, hat yn de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân ûnderdûkt sitten. Salo Muller is syn namme, mar yn de oarloch neamden se him Japje.
Salo Muller foar syn âlderlik hûs © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De NS hat yn de oarloch mear as 100.000 Joaden ferfierd, yn opdracht fan de Dútske besetter. Yn konsintraasjekampen binne se om it libben kaam. It spoarbedriuw soe dêr miljoenen mei fertsjinne ha. It bedriuw sil no yndividuele skeafergoedingen betelje oan slachtoffers en neibesteanden fan de Holocaust.
"We hebben gezamenlijk besloten om niet juridisch tegenover elkaar te komen staan, maar een commissie in te stellen", seit de presidint-direkteur fan de NS tsjin de NOS. "Die commissie gaat uitzoeken op welke wijze wij een individuele tegemoetkoming kunnen vormgeven." It is noch net dúdlik hoe heech oft de fergoedingen wurde sille.

"Het heeft me enorm geëmotioneerd"

Muller is tige wiis mei it beslút. "Het is een uitkomst die ik misschien had durven dromen, maar die ik niet verwacht had. Het heeft me enorm geëmotioneerd en ik ben dankbaar dat het zo is gekomen."
Muller waard bekend as fysioterapeut by Ajax. As lytse jonge siet er yn de oarlochsjierren ûnderdûkt yn Fryslân. Foarich jier prate ferslachjouwer Geartsje de Vries mei him, foar it programma Buro de Vries.
Salo Muller fertelt syn ferhaal yn Buro de Vries
Muller siet op skoalle, doe't syn heit en mem oppakt waarden. Hy wie doe seis jier âld. Syn omke helle him op en naam him yn 'e hûs. By in razzia waard hy ûntdutsen. Hy waard nei de Hollandse Schouwburg brocht. Dêr seach er syn âlders op it poadium stean. It wie de lêste kear dat er se seach.

Syn namme wie te Joadsk

Nei fjouwer dagen gûlen is Sado ophelle en nei syn earste ûnderdûkadres yn Amsterdam brocht. It wie it begjin fan in lange searje ûnderdûkadressen. Alle kearen wer moast er fuort omdat der kâns op ferried wie. Soms waard er mishannele troch de minsken by wa't er ûnderdûkt siet.
Salo bedarre yn Oerterp. Dêr neamden se him Japje Mulder. De namme Salo wie te Joadsk.

"Waar ik bij was hebben ze hem doodgestoken"

Yn Oerterp drige ferried. In oare jonge sei op in sneontemoarn dat er wist dat Japje in Joadejonge wie. Hy woe jild ha, om neat te sizzen tsjin syn heit. Dat wie in NSB'er. Twa mannen hiene dat heard, seit Muller.
"'Japje ga jij eens even daar staan. En niet kijken naar ons', zeiden ze, en toen kwamen ze terug met een hooivork, en waar ik bij was, hebben ze die jongen doodgestoken. Hij bloedde aan alle kanten dood. Wij terug naar de boerderij. Iedereen in rep en roer natuurlijk."

Sliepe by de rotten en de mûzen

Muller waard nei Fryske Peallen brocht, op in lytse pleats flak by Trimunt, dêr't in protte Dútske soldaten legere wiene. Nachts moast er regelmjittich ûnder de flier by de rotten en de mûzen sliepe, omdat de Dútske soldaten dan in feestje bouden op syn ûnderdûkadres. Ien fan de Dútsers wist dat der in Joadsk jonkje op de buorkerij wie en warskôge de boer.

De oarloch is der noch altyd

It lêste ûnderdûkadres wie wer yn Oerterp, by 'omke en beppe'. Dêr hat er it goed. "Het waren lieve mensen", seit Muller. Hy is no 82 jier âld. De oarloch is der noch altyd: Hy hat ferlittingseangst, is bang yn it tsjuster en hat allegear kwalen, echte en ynbylde.
It ferhaal fan Salo Muller is ûnderdiel fan it projekt Underdûkt yn Fryslân. It is in gearwurking fan Tresoar, Wij van PS en Omrop Fryslân.
Salo Muller en Johan Cruijff yn 1969 by in wedstriid fan Ajax yn de Europacup 1 © ANP