LIVE: Jet van Nieuwkerk yn IepenUP Live

28 nov 2018 - 19:30

Woansdeitejûn is Jet van Nieuwkerk te gast yn IepenUP live. De dochter fan DWDD-presintator Matthijs van Nieuwkerk jout oan de hân fan fideofragminten har fyzje op de hjoeddeistige situaasje yn ús lân. Presintator Jacco de Boer sil it mei har hawwe oer iten, hypes by it itensieden en Orthorexia, de beneaming foar minsken dy't allinnich mar it aldersûnste iten hawwe wolle.

Neffens Jet van Nieuwkerk moatte minsken in sûn libben net te swier foar harren sels meitsje. Wannear't je de latte te heech lizze, dan kinst it ek net folhâlde. Ast de balâns dêryn fine kinst, dan hast de kaai ta in sûn en lokkich libben fûn, sa is har opfetting dêroer.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)
(advertinsje)