"Anders Formeren" fan 50PLUS in brêge te fier foar Provinsjale Steaten

It foarstel fan 50PLUS om yn de takomst op in oare manier in Kolleezje fan Deputearre Steaten te formearjen en in Steateprogramma te meitsjen, hat it ôfrûne woansdei net helle. Foaral de hjoeddeiske kolleezjepartijen CDA, VVD en FNP fine it net it momint om te besluten oer sa'n yngripende feroaring.
Jan Waterlander © Omrop Fryslân
Dat kinne de leden fan de nije Provinsjale Steaten better dwaan nei de ferkiezings yn maart takom jier. Steatelid Jan Waterlander fan 50PLUS hie it inisjatyf naam ta oars formearjen. Waterlander wol ôf fan beslútfoarming op basis fan mearderheid, koälysje fersus opposysje-tinken en it gefoel by opposysjeleden dat harren miening der net echt ta docht.
Waterlander soe ek graach in sakekabinet sjen fan echte bestjoerders as deputearre en net politisy dy't no faak automatysk deputearre wurde at harren partij yn it kolleezje komt. Uteinlik is de winst dat boargers wer fertrouwen yn de polityk krije moatte, neffens Waterlander.