Feroardiele Jirnsumer op 'e nij de sel yn foar mishanneling

28 nov 2018 - 17:45

De Jirnsumer dy't op 10 augustus 2017 troch it gerjochtshôf feroardiele waard ta in wurkstraf fan 240 oeren en in finzenisstraf fan in moanne, plus fjouwer moannen ûnder betingst, hat wer in finzenisstraf oplein krige.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Yn jannewaris krige de man ek al de maksimale wurkstraf. Yn april 2016 feroarsake de man in deadlik ûngelok yn de buert fan Jirnsum. De man krijt op 'e nij in finzenisstraf om't hy klappen útdielde by in jûn stappen yn Snits.

Konfrontaasje opsocht

De Jirnsumer sei dat hy yn de nacht fan 1 july by in hoarekagelegenheid yn de Kruizebroederstraat yn Snits útdage waard troch in groepke jonges, wêrûnder it lettere slachtoffer. Fanwegen syn stevige postuer soe him dat wol faker oerkomme. "Die jongens wilden met mij vechten", sei de Jirnsumer.

It slachtoffer soe neffens him de konfrontaasje opsocht ha. De twa bedarren op de grûn, wêrnei't de Jirnsumer in pear klappen útdielde. By de fal fan it slachtoffer rekke syn holle in bankje, wêrtroch it bliede.

"Ik ontkom niet aan een gevangenisstraf"

De Jirnsumer ûntkent net dat hy klappen útdield hat. Neffens him wie it slaan in reaksje op de bedriging dy't fan it slachtoffer kaam. De rjochter hâldt mear rekken mei de persoanlike omstannichheden fan de fertochte. "Maar ik ontkom niet aan een gevangenisstraf", seit de rjochter.

It slachtoffer ûntfangt 3.000 euro oan smertejild. It slachtoffer joech by de sitting oan noch deistich lêst te hawwen fan de wûne. Net allinnich fysyk, it is ek sichtber op syn foarholle en it rint troch oant fier ûnder de hiergrins. It slachtoffer hat 4.000 euro foardere. Fierder krijt hy goed 3.000 euro foar de kosten dy't hy makke hat.

Trefwurden: 
Jirnsum rjochtsaak
(advertinsje)
(advertinsje)