Jonge ferslachjouwers wolle ierde rêde en meitsje dokumintêre

Ima Algra en Benthe Smit binne 17 jier en ha ien grut doel: se wolle de ierde rêde. Se sitte yn 6 VWO fan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert en ha dêrom in dokumintêre makke oer de fraach wat sy sels dwaan kinne tsjin de opwaarming fan de ierde.
De jonge ferslachjouwers oan tafel yn Fryslân Hjoed
Ut ûndersyk fan in grutte fersekerder blykt dat in soad jongeren har soargen meitsje oer de opwaarming fan de ierde. Trijekwart tinkt lykwols dat se der sels neat oan dwaan kinne.
Foar Ima en Benthe is dat oars. Foar de dokumintêre sykje se út wat echt helpe kin. Sa brûke se minder wetter, sette de kachel wat leger en ite gjin fleis mear. Ek prate se mei ferskate saakkundigen. Ien dêrfan is de earste klimaatkommissaris fan Fryslân: Bouwe de Boer.
Jonge ferslachjouwers wolle ierde rêde en meitsje dokumintêre
Hy is bliid mei de belutsenheid fan de famkes. Ien fan syn doelen as kommissaris is om mear jongerein by syn misje te belûken.
Fryslân Hjoed stjoerde Ima en Benthe ôfrûne moandei as spesjale klimaatferslachjouwers nei de klimaatkonferinsje yn De Harmonie yn Ljouwert. Dêr seagen se mei eigen eagen wat Fryske bedriuwen dogge om de opwaarming te kearen.