Simon ter Heide werom yn ried Eaststellingwerf

Riedslid Simon ter Heide út Aldeberkeap is tiisdei foar it earst sûnt de ferkiezings dit jier werom yn de ried fan Eaststellingwerf. Ter Heide wie keazen foar de PvdA, mar koe fanwege sûnensproblemen net ynstallearre wurde.
© PvdA Ooststellingwerf
Dêrfoar wie Ter Heide al tolve jier riedslid. Hy hie kâns om wethâlder te wurden, mar dat koe no ek net. It riedslid is op 'e nij ynstallearre neidat hy lang refalidearre hat.