D66: "Pak heimlike tariven yn hotels Ljouwert oan"

De toeristebelesting yn hotels en oare oernachtingsplakken moat net heimlik ferhege wurde mei ûndúdlike tariven en kosten. Dat fynt de riedsfraksje fan D66 yn Ljouwert. Dy hat dêroer fragen steld oan it kolleezje fan de gemeente.
© ANP
De fraksje fan D66 makket him soargen oer it gastfrije klimaat yn de gemeente Ljouwert. In part fan de hotels brûkt de toeristebelesting om ekstra en ûndúdlike tariven te berekkenjen oan de gasten. Sy freegje mear as ien euro foar ien persoan foar ien nacht.

Lanlike oanpak

Om te soargjen dat de besikers fan Ljouwert en fan oare gemeenten har thúsfiele, wol de fraksje dêrneist ek ta nei in lanlike oanpak.