Douwe de Vries en Antoinette de Jong slaan wrâldbekerwedstriden yn Poalen oer

28 nov 2018 - 16:29

De Fryske reedriders Douwe de Vries en Antoinette de Jong dogge oer oardel wike net mei oan de wrâldbekerwedstriden yn Poalen. Team Jumbo, dêr't beide riders ûnderdiel fan útmeitsje, kiest foar in trainingskamp yn Italië.

Foto: OrangePictures

Begjin desimber geane De Vries en De Jong nei Collalbo yn Italië, dêr't ek it EK riden wurdt yn jannewaris. Se sille dêrhinne foar in koart trainingskamp en misse dêrtroch de tredde wrâldbekerwedstriid, dy't fan 7 oant en mei 9 desimber organisearre wurdt yn Poalen.

In wike letter by de fjirde wrâldbekerwedstriid op Thialf dogge De Vries en De Jong wol wer mei.

Antoinette de Jong - Foto: OrangePictures

Sven Kramer soe al net ride yn Poalen. Twa wiken lyn moast hy him ôfmelde foar de earste wrâldbekerwedstriid, om't er tefolle lêst hie fan de rêch. Kramer slacht ek de fjirde wrâldbekerwedstriid op It Hearrenfean oer en hopet der ein desimber wer by te wêzen by it NK ôfstannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)