Kollum krijt histoarysk muzykspektakel oer 'Kollumer Oproer'

28 nov 2018 - 16:25

De kommende simmer stiet it sintrum fan Kollum yn it ramt fan de Kollumer Oproer. De Kollumer Oproer is in histoarysk barren dat yn 1797 wie. De lokale befolking kaam yn dat jier yn opstân tsjin de Frânske oerhearsker, wêrby't úteinlik meardere minsken dea en ferwûnen rekke binne.

Histoarysk muzykspektakel yn Kollum

In histoarysk muzykspektakel sil hjiroer gean en it sintrum fan Kollum sil dêrby it dekôr wêze. Under oaren Syb van der Ploeg dy't de haadrol hat en Johannes Rypma en Piter Wilkens sille dêr oan meidwaan. Regy is fan Steven de Jong.

(Advertinsje)
(Advertinsje)