Sietske Poepjes: "Tekoart Kulturele Haadstêd falt de helte leger út"

De provinsje moat noch 750.000 euro ekstra talizze op Ljouwert-Fryslân 2018. Der wie 1,3 miljoen euro ekstra reservearre foar eventuele tekoarten. Mar it tekoart falt mei de helte ta. De gemeente Ljouwert betellet de oare 750.000 euro foar it tekoart fan oardel miljoen euro. De tekoarten binne ûntstien troch minder ynkomsten fan sponsoring.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Sietske Poepjes is, foarútrinnend op de offisjele evaluaasje yn febrewaris, behoarlik tefreden oer de kulturele haadstêd en de effekten dêrfan op de provinsje. It totaalplaatsje is neffens har posityf. En wy sille dêr takom jier wis ek noch wat fan fernimme yn ús provinsje.

Rom oer de 80 miljoen

Der is yn Fryslân foar 80 miljoen ynvestearre yn de kulturele haadstêd. Oant no ta hat it 61 miljoen euro opbrocht, mar neffens de deputearre giet de opbringst úteinlik rom oer de 80 miljoen hinne.
Fierder tinkt se dat it tal besikers yn 2019 ek noch heech wêze sil. Dat is de ûnderfining fan eardere kulturele haadstêden yn Europa. Op sosjale media die Fryslân it folle better as de oare stêden. De Facebookside is bygelyks folle faker besocht as dy fan Valletta of San Sebastian.
Sietske Poepjes oer Kulturele Haadstêd