Hypermoderne fûgelsjochhutte foar fûgelers yn de Lendevallei

28 nov 2018 - 16:16

Fûgelleafhawwers út de omjouwing fan Wolvegea kinne harren kiker alfêst klearlizze. Yn natuergebiet de Lendevallei is in nije fûgelsjochhutte pleatst. De hutte stiet op de polderdyk fan de Catspolder en hat útsicht oer it wetter. Natuerleafhawwers kinne hjir allegearre moeras- en wetterfûgels besjen. It Fryske Gea siket noch in moaie namme foar de fûgelsjochhutte.

Fûgelsjochhutte Lendevallei - Foto: Ane Zijlstra

De blauwe reager, de grutte wite reager of de seldsume reade reager binne allegearre wol te spotten út de hutte wei. Foar fûgelers mei ûnderfining binne de grienskonk, wytgatsje en wetterhintsjes de moeite wurdich, mar ek de wintergasten lykas smjunten en oare einen binne dêr te sjen. Yn de beammen achterôf sitte faak ielguozzen harren wjukken te drûgjen.

It ûntwerp fan de hutte is fan ûntwerper Pieter Jukema. De hutte is makke fan kortenstiel, wat neffens de ûntwerper perfekt past yn it natuergebiet. De bou fan de hutte is mooglik makke troch Stifting De Versterking, stifting Ynnatura en de Nationale Postcode Loterij.

(advertinsje)
(advertinsje)