Arriva Alert: nijste service foar treinreizgers

28 nov 2018 - 15:44

Flugger en better op de hichte wêze fan steuringen: dat kin mei de nije service dy't Arriva fan woansdei ôf oanbiedt oan treinreizgers yn Fryslân en Grinslân.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Arriva Alert is in maklike manier foar treinreizgers om altyd op de hichte te wêzen fan steuringen op it treintrajekt. Fia de Arriva App ûntfangt de reizger in pushberjocht op it momint dat der wat oan de hân is dêr't de reizger oer ynformearre wurde wol.

De Arriva Alert is earst allinnich beskikber foar de noardlike trajekten om dizze nije service op lytse skaal te testen.

Neffens Arriva kinne ferbetterpunten op dizze wize sa gau as mooglik trochfierd wurde. As blykt dat alles goed wurket, dan kinne ek oare treinreizgers op oare Arriva-trajekten gebrûk meitsje fan de nije service.

(Advertinsje)
(Advertinsje)