Fryske metaalbedriuwen lizze twa dagen it wurk del: "Het is noodzakelijk"

29 nov 2018 - 14:34

Der wurdt fan tongersdei ôf 48 oeren staakt yn in grut tal Fryske metaalbedriuwen, lykas Ardagh yn Ljouwert en fytsefabrikant Accell, foar in bettere CAO yn de Metalektro. Der binne fyftjin bedriuwen yn Fryslân dy't meidogge oan de staking.

De stakers sammelje harren tongersdei yn Jirnsum yn De 2 Gemeenten. De ynset fan de fakbûnen is in takomstbestindige CAO mei ûnder oare in ferheging fan it lean mei 3,5 prosint. Ek wolle se in saneamd generaasjepakt en maatregels om wurknimmers duorsum ynsetber te meitsjen. De wurkjouwers dogge in foarstel fan 3 prosint yn july 2019.

"Ons ultimatum staat nog steeds", seit Wilma Nieveen, bestjoerder fan FNV Metaal Friesland. "We vragen werkgevers in te gaan op de eisen van de vakbonden en dat doen ze nog steeds niet."

Wilma Nieveen, bestjoerder fan FNV Metaal Friesland

Der wiene mear as 500 minsken by de staking. "We hebben een motiverend praatje gehouden voor de mensen die strijden voor een goed cao", vervolgt Nieveen. Mar dat giet dreech. Sûnt juny binne der al aksjes. "Ook twee jaar geleden hebben we lang en hard moeten vechten om die cao voor elkaar te krijgen. Klaarblijkelijk is de opstelling van de werkgevers zo dat ze dit van de mensen vragen."

It giet net allinnich om jild

It giet net allinnich om jild, seit Nieveen. "Mensen willen eerder stoppen met werken om gezond de finish te halen. We willen vaste banen voor uitzendkrachten en dat er over toeslagen pensioen wordt opgebouwd."

Nieveen: "Het kan mij niet snel genoeg gaan. Al de mensen die hier vandaag strijden, hebben het liever gisteren dan vandaag rond. Staken is niet leuk, maar wel noodzakelijk."

(advertinsje)