Frou fan in jier lyn ferstoarne Dirk Baron begjint webside as earbetoan

28 nov 2018 - 14:58

It is dizze dei eksakt in jier ferlyn dat ús kollega Dirk Baron ferstoar. Hy wie noch mar 37 jier. Dirk hie Alzheimer. Omdat er himsels net folslein ferlieze woe troch dizze sykte, hie Dirk besluten om sels it momint te kiezen dat er gie. Hy hie by syn heit fan tichtby meimakke wat dizze sykte dwaan kin en dat woe er himsels, mar foaral ek syn famylje, syn frou en syn bern besparje.

Foto: Omrop Fryslân

In memoriam Dirk Baron

Dieke Broersma, Dirk syn frou, skriuwt geregeld blogs oer wat se meimakket. Se hat in webside yn de loft roppen onslevenmetdementie.nl. Dêrop binne har blogs bondele.

Se skriuwt benammen foar harsels, mar mooglik ha oare minsken der ek wat oan. "Dirk heeft zelf de aanzet gegeven voor meer bekendheid voor jong dementie en onderzoek dus dat zet ik voort", sa skriuwt se op Facebook.

Yn Dirk ferlearen wy as Omroppers in hiele noflike kollega. En in echte professional, want nettsjinsteande syn sykte koe er hjir noch wurkje oant in healjier foar syn ferstjerren.

De Omrop wol syn famylje en freonen in soad krêft tawinskje, net inkeld dizze dei, mar ek foar al dy oare dagen dat sy sûnder Dirk fierder moatte.

(advertinsje)