Gemeente sil oan de slach mei ûnbewenber ferklearre hûs op It Hearrenfean

28 nov 2018 - 14:14

It hûs fan Michael en Marjolein Weiler oan It Meer op It Hearrenfean wurdt op it stuit troch de gemeente op 'e nij skoarre. Nei't de famylje yn juny it hûs kocht hie, begûn it hûs nei wat lytse bouwurk te skowen en kamen der skuorren yn de muorren. It stel moast fuortdaliks it hûs út.

Foto: CAMJO Media

Om foar te kommen dat de wenning ynstoarte soe, waard it oan de bûtenkant skoarre. No docht bliken dat dat net goed wurket. Sa kinne de buorlju net fia dy kant op harren hiem komme. It hûs wurdt no oan de binnenkant stabilisearre.

Dat docht de gemeente om't de Weilers de kosten net opbringe kinne. Se moatte it jild letter wol werom betelje.

De famylje kin foarearst it hûs net yn en is ûnderbrocht yn in fakânsjehûske. Dêr wachtsje se de rjochtsaak ôf, dy't op 20 desimber tsjinnet. Harren advokaat Bart Korvemaker hat de saak oanspand. Hy wol dat de eardere eigener it keapkontrakt ferneatiget en it hûs werom keapet.

Ut in technysk bou-ûndersyk hat bliken dien dat de wenning by in eardere brân slim skansearre rekke wie. De spoaren fan dy brân wiene fuortwurke.

(advertinsje)