SP wol dat provinsje gjin oandielen yn mynboubedriuwen hat

De SP yn Provinsjale Steaten wol dat de provinsje net mear ynvestearret yn oandielen fan mynboubedriuwen. De provinsje soe dêrmei neutraliteit útstrielje.
Gearkomste fan de Provinsjale Steaten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De SP seit dat de provinsje dreech ûnôfhinklik tafersjoch hâlde kin op bygelyks de sâltwinning as it oandielen hat yn bedriuwen dy't dat sâlt winne.
De partij doelt op it bedriuw Nedmag dat yn Grinslân sâlt wint. De provinsje is fia de NOM, de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij, oandielhâlder yn Nedmag.
Deputearre Sander de Rouwe seit dat it krekt goed is dat de provinsje oandielhâlder is. Oars soene de oandielen nei merkpartijen gean en kin de provinsje gjin ynfloed útoefenje.
De opbringsten fan de oandielen komme nei Fryslân ta en ferdwine net yn de bûsen fan oaren.