Waadhoeke jout mear as in miljoen euro foar lokale inisjativen yn doarpen

28 nov 2018 - 14:00

De gemeente Waadhoeke hat 1,2 miljoen euro yn de pot foar doarpen en wiken dien. Mei it jild wol de gemeente oant en mei 2021 lokale inisjativen op it mêd fan leefberens stimulearje en finansjeel stypje.

Foto: JoPixel

Elk doarp krijt in wurdearringssubsydzje foar doarps- en wykbelangen. De bestjoeren krije elk 500 euro as fergoeding foar reis- en gearkomstekosten. Der is ek noch in ûntwikkelsubsydzje dy't oprinne kin oant 10.000 euro. Dêrmei kinne yngewikkelde fraachstikken oppikt wurde, wêrby't profesjonele help ynhierd wurde kin.

Foar projekten dy't bydrage oan de ferbettering fan de leefberens yn doarp of wyk binne projektsubsydzjes beskikber dy't oprinne kinne oant 20.000 euro.

Trefwurden: 
Waadhoeke leefberens
(advertinsje)