'Voucherregeling' foar sirkulêre bedriuwen is suksesfol

28 nov 2018 - 13:52

Sa'n 30 Fryske bedriuwen dy't aktyf binne yn de sirkulêre ekonomy ha gebrûk makke fan de saneamde 'voucherregeling' fan de provinsje. Dat is in subsydzjeregeling wêrby't it bedriuw ûnôfhinklike saakkundigen ynskeakelje kin of de kennis op it mêd fan ynnovaasje, bedriuwsfiering of personielssaken fergrutsje kin.

Foto: Shutterstock.com

De provinsje betellet yn dat gefal de helte fan de kosten. Deputearre Sander de Rouwe is bliid mei it tal bedriuwen út de sirkulêre ekonomy dat gebrûk makket fan de regeling.

De doelstelling wie dat der 20 bedriuwen yn trije jier meidwaan soene. De voucherregeling foar it MKB sil der ek yn 2019 wêze.

De provinsje stelt dan 900.000 euro beskikber. Bedriuwen kinne maksimaal 2.500 euro oan subsydzje oanfreegje.

(advertinsje)