Tûzen kilo hûnefretten stellen fan goed doel

Yn Drachten binne hast alle donaasjes fan hûnefretten stellen. Biofood donearre it fretten foar hûnen dy't hast gjin iten hawwe, mar no is hast alles fuort. De frou dy't it fretten ynsammele, Sjoukje Hoekstra, docht in oprop op Facebook.
© Sjoukje Hoekstra
It fretten wie bedoeld foar hûnen yn Portugal en Roemenië. It stie bûten, klear foar transport, mar it is meinaam troch ûnbekenden.

"Dan brekt je hert"

"We hienen de pûden allegear bûten neist it hûs opsteapele," fertelt Sjoukje Hoekstra. "Sneontejûn om alve oere soe it ophelle wurde. Ik hie moai it sicht derop, mei it gerdyn iepen. Mar it transport siet noch yn Frankryk, fanwege de staking wiene se fertrage. De hûnen ha 33 oeren yn de bus sitten, we wienen brutsen. Ha mar in pear oerkes slept. Doe't we moarns wekker waarden, wie it foer fuort. Dan brekt je hert yn twaen."

"Triennen yn de eagen"

Se hat gjin bewiis fan wa't it dien hawwe kinne soe. De plysje seit dat se neat dwaan kinne om't it op iepenbiere grûn stie. "It is ferskriklik." Tal fan minsken komme har helpen, oaren freegje by bedriuwen om hûnefretten te donearjen. "Dan krijst de triennen yn de eagen." Se kin sels ek iten helje, hielendal út Apeldoorn wei. "Dat ha we der wol foar oer."
Sjoukje hat altyd yn de hûnewrâld wurke. Se hat sjoen hoe min oft de hûnen it ha yn Portugal en Roemenië. "Se slaan se gewoan dea tsjin de muorre. We wolle se rêde en in twadde kâns jaan."
Dizze tebeksetter slacht har net út it fjild, sterker noch, se sil inkeld hurder wurkje. Fansels hopet se dat de minsken dy't it fretten meinaam ha, it werombringe. It giet om likernôch sa'n 1.000 kilo oan hûnefretten.
Sjoukje Hoekstra