Bildtstars & Eigenheimers: fototentoanstelling oer tsien jirpelboeren

Bildtstars en Eigenheimers is de namme fan in tentoanstelling oer lokale jirpelboeren. Rûnom oan de Waadkust yn Noardeast-Fryslân steane - en komme noch te stean - grutte foto's fan dy boeren. Dy moatte de boeren en de jirpeliters wer mei-elkoar yn kontakt bringe.
© Linette Raven
De útstalling is woansdei iepene. De portretten binne makke troch fotograaf Linette Raven. De tsien portretten bliuwe fiif jier op dakken fan pleatsen, muorren en skuorren midden yn it lânskip.
It projekt is in ûnderdiel fan Sense of place. It doel is dat de boeren en har famyljes sa in gesicht krije. Watfoar ferhaal ha se te fertellen?
By de foto-útstalling komt ek in 'beleefroute'. Yn de app binne de ferhalen fan de boeren te hearren. De rûte begjint yn Hallum en einiget yn Eanjum. Op de fyts duorret de tocht twa oeren, mar mei de auto binne de lokaasjes ek goed te besjen.
Yn 2019 folgje noch mear 'blow-up'-portretten oan de Waadkust fan Fryslân en Grinslân.
Bartel Reitsma is ien fan de boeren op de foto's. Hy hoegde net lang nei te tinken oft er meidwaan woe oan dit projekt. "Ik wol de boarger en boer tichter by elkoar bringe. Minsken ha net altyd yn de gaten wat in boer docht. Sa kinne se tichter by de produsint fan har iten komme en wurdt de boer tagonkliker."
Boer Bartel Reitsma
Bildtstars & Eigenheimers: fototentoanstelling oer tsien jirpelboeren
Fotografe Linette Raven oer 'Bildtstars & Eigenheimers'