By it gasfjild fan Sonnegea komt in nulmjitting

28 nov 2018 - 12:26

Gaswinbedriuw Vermilion krijt trije moannen de tiid om yn in straal fan fiif kilometer om it gasfjild yn Sonnegea hinne in boukundich stekproefûndersyk te dwaan. Dat blykt woansdei út in útspraak fan de Rie fan Steat.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Vermilion sil yn gearwurking mei de gemeente Weststellingwerf in tal represintative gebouwen útsykje moatte om de nulmjitting yn te dwaan. Dizze nulmjitting kin letter brûkt wurde by mooglike claims fan bewenners, dy't skea hawwe oan harren wenning of bedriuwspân en miene dat it feroarsake is troch de gaswinning yn Sonnegea.

It Kanadeeske enerzjybedriuw Vermilion fynt alle boukundige foarûndersiken net nedich. Neffens Vermilion is de kâns op bevingen en fersakkingen troch it al hast leechpompte gasfjild yn Sonnegea hiel lyts as sels nul. De Rie fan Steat is it yn de útspraak iens mei it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, dy't de ûndersyksplicht oplei.

(advertinsje)