Net benaud wêze foar de krimp, sizze ynwenners Súdwest-Fryslân

28 nov 2018 - 12:07

"Wy moatte net te benaud wêze foar de krimp", sizze bewenners fan de Iselmarkust tsjin de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn Koudum wie tiisdeitejûn de earste fan seis gearkomsten mei ynwenners fan seis ferskillende gebieten yn de gemeente. De gemeente wol sa sicht krije op it ferlet oan wenningen. As basis tsjinnet in wenningferletûndersyk fan buro Companen.

De earste fan seis gearkomsten oer it wenningferlet yn Súdwest Fryslân wie juster yn Koudum. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Dêrút docht bliken dat de wenningprizen yn Warkum en Koudum yn trochsnee heger lizze as de rest fan de gemeente. En yn Starum is foaral ferlet fan mear hierhuzen foar starters, sa waard sein troch Stavers Belang.

Los fan de druk op de wenningmerk no, foarsjocht Companen in grut probleem oer tsien oant fyftjin jier wannear't de babyboomgeneraasje komt te ferstjerren.

Der komme dan in soad huzen frij dy't net goed oanslute by de wenwinsken fan dy tiid. Om dy by de tiid te krijen, is in soad jild nedich.

Opteld by de ynvestearringen om huzen enerzjysuniger te meitsjen, giet it om grutte bedraggen dêr't no noch net dúdlik fan is wa't dy betelje kin en wol.

(advertinsje)