Nijkommer yn de Fryske Top 100: 'Maten' fan Johannes Rypma

Der kin wer stimd wurde op de Fryske Top 100. The Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra, Piter Wilkens syn Knoopkes en it Bûthúsbankje fan De Wiko's. Alle bekende nûmers steane grif wer yn de list. Mar faaks sitte der dit jier ek in pear nijsgjirrige nijkommers tusken. Dizze wike stelle wy fjouwer nije kânshawwers oan dy foar. Hjoed: 'Maten' fan Johannes Rypma.
© Omrop Fryslân
Hee Johannes, hoe is 't mei dy?
"It giet eins wol hiel bêst mei my. Troch de wike bin ik oan it wurk en yn it wykein treed ik op mei de band. Dy kombinaasje befalt my poerbêst. Fan allinnich mar optrede wurdst sa alderferskriklikst lui; dat wie my mar neat. Dan komst moarns dyn nêst net út en wolst der jûns net mear yn. Alle dagen om acht oere by in baas oan de slach befalt my folle better."
By wat foar baas wurkesto dan?
"Ik gean de boer op mei alles wat in boerebedriuw nedich hat. Fan overalls en learzens oant medisinen foar de kij of nije amers; kinst it sa gek net betinke as ik ha it yn myn bus. Us heit is ynseminator, dus ik wit wol it ien en oar fan it boerebedriuw. Mar ik lear alle dagen nije dingen."
En yn it wykein dus op 'en paad mei de band?
"Jaseker! Eins alle wykeinen hawwe wy wol in optreden. Somtiden is it der mar ientsje en oare kearen binne wy wol trije kear boekt. Mar dat betsjut wol dat ik sân dagen yn 'e wike wurkje. Lokkigernôch haw ik in hiel skiplike baas, dus as ik in kear earder fuort moat of frij hawwe wol, dan kin dat altyd."
Efkes oer jim nije nûmer 'Maten'. Hasto dat sels skreaun?
"Hiel earlik? Nee. Kollega Marcel Smit hat it foar ús skreaun. Ik haw 'm wat ferteld oer ús mateploech en doe is er oan it útfinen gien. Sa kaam er mei dit nûmer oansetten. Ik haw allinnich de toansoart noch in bytsje oanpast, sadat ik it wat makliker sjonge kin. Mar fierder is it hielendal fan Marcel."
En doe moast de klip opnaam wurde. Koest alle maten wat by elkoar krije?
"Ik haw in appke stjoerd mei de tekst: 'Moarnjûn yn de kroech fan Blauhús. It bier is gratis.' No, dan komme se wol. Fan it maitiid hawwe wy de klip opnaam."
Steane al dyn maten der op?
"It is slagge om se allegearre byinoar te krijen. Ientsje is sels út Eastenryk nei Blauhús kaam foar de opnames. Allinnich in maat út Australië fûn it wat te fier reizgjen, dus dy sit fia Skype yn de klip."
De hiele kroech sit hast fol mei knappe keardels.
"Ja hè? Wy kenne elkoar allegearre fan de beukerskoalle. Dy groep is noch hielendal kompleet. Yn it wykein sitte wy geregeld mei ús allen yn 'e keet by Greonterp. Efkes in bierke drinke en byprate. As ik der oer neitink, is dat best bysûnder, mar it fielt hiel gewoan."
Jawis, ik stim elk jier op myn eigen nûmer!
Johannes Rypma
Johannes Rypma yn De Middei fan Fryslân
Wat fûnen dyn maten eins fan it nûmer?
"Wol moai, leau ik. Se sizze der noait net sa folle fan. 'Lekker plaatsje' en dan is it praat klear. It is mear in harknûmer as in echte hos-plaat. Hjir setst de tinte net mei op de kop. Wy spylje 'm meastal oan it begjin fan in optreden. Mar hy stiet wol altyd op de list."
En no aanst allegearre stimme fansels.
"Ik tink dat de measte jonges wol efkes stimme, ja. Wy hâlde alle jierren mei âld en nij in feest by ús keet. Dêr komt alle jeugd fan Blauhûs. Njonken de keet sette wy in tinte del, dêr't in telefyzje hinget mei de Fryske Top 100 der op. Dus wa wit sjogge wy ússels noch efkes foarby kommen."
Stimsto trouwens op dysels?
"Ik kin no wol sizze: 'Neee, fansels net'. Mar ik bin leaver earlik. Jawis, ik stim alle jierren op myn eigen nûmer. Wêrom soe dat net meie? In Groet stiet by my elk jier op nûmer 1."
Oh ja, foardat wy it ferjitte. Hast noch goeie foarnimmens foar takom jier?
"Ik sil trouwe. Elkenien ken Carmen noch wol, it famke dêr't ik al wat mei hie doe't ik meidie oan The Voice. Takom jier sille wy inoar it ja-wurd jaan. Ik haw der no al nocht oan. En ik haw noch oar nijs. Yn 2019 stean ik foar it earst op de planken yn in toanielstik. Hoe en wat, dat hearre jim letter noch wol!"
Maten - Johannes Rypma
Jou dyn stim!
Fan no ôf kinsto stimme op de Fryske Top 100 fan 2018. Folje hjir fuortendaliks dyn persoanlike top 5 yn!
Mear hearre fan Johannes Rypma? Hy is woansdeitemiddei oan de telefoan yn it Omrop Fryslân-radioprogramma De middei fan Fryslân.