CDA wol gjin grutskalige sinneparken yn it bûtengebiet

It CDA yn Provinsjale Steaten wol gjin grutte parken mei sinnepanielen yn it Fryske bûtengebiet, no't de provinsje de taakstelling fan sinnepanielen op dakken fan huzen net hellet.
© deafsluitdijk.nl
Deputearre Schrier hat ferline wike ek by Omrop Fryslân sein dat der grutte sinneparken op it Fryske lân by komme moatte om de taakstelling fan 475 megawatt yn 2020 te heljen. Op dit stuit liket dat in utopy, want der is oant no ta noch mar 135 megawatt realisearre.
It CDA stelt dat it altyd it útgongspunt west hat dat sinnepanielen komme moatte op dakken, by bedriuweterreinen, parkearterreinen en by diken del.
Yn 2015 hawwe Provinsjale Steaten de notysje "Romte foar Sinne" fêststeld en keazen foar 5% fan it totale fermogen oan sinne-enerzjy op sinnefjilden en 95% op dakken. Dat útgongspunt kinne Deputearre Steaten net samar loslitte, neffens steatelid Maaike Prins fan it CDA woansdei by de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Mooglike oanpassings yn it belied moatte troch de steateleden besletten wurde, seit frou Prins.
Steatelid Maaike Prins