Pauperfontein slút ôf mei lêste spuitoptreden

Foar in soad is it in deasûnde, oaren sille der bliid mei wêze: der komt in ein oan de Pauperfontein. Nei in suksesfol jier, wêryn't binnen- en bûtenlân kennismakke mei it fenomeen "pimelfontein", komt der in lêste aksje foar de fontein.
Pauperfontein © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Sneon 1 desimber wurdt de fontein yn Warkum ûntlede. Middeis om 15.00 oere is it lêste spuitoptreden en dêrnei is in slotfeest op de Merk en yn de Klameare dêr't de fontein dus ûntlede wurdt.
Op it feest trede ferskate bands op dy't by de Pauperfontein belutsen wiene, lykas de Goatrock Disciples, FILO en Jan Hoekstra a.k.a. J.A.N. yn gearwurking mei dichter Paul van Dijk. De trûbadoer en Pauperfonteinlid Jan Nota lit syn stim ek hearre.
It is de lêste kear dat de Pauperfontein te besjen is.
© Henk de Boer