Nyck de Vries makket oerstap nei ART Grand Prix

28 nov 2018 - 11:11

Autokoereur Nyck de Vries út Twellingea ferfolget syn karriêre yn de Formule 2 en hat syn takomst ferbûn oan ART Grand Prix. Hy makket de oerstap fan Prema Racing, dêr't er dit jier fjirde waard.

Nyck de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

De kampioen fan dit jier, de Brit George Russell, ried foar ART. Hy giet no de Formule 1 yn.

Earder ried De Vries út namme fan ART GP al yn de GP3. "Ik ben ART Grand Prix dankbaar dat ik de kans heb gekregen om mijn carrière in de Formule 2 voort te zetten. We hebben een lange geschiedenis samen. Onze relatie is altijd geweldig geweest en het voelt als thuiskomen", sei De Vries.

"We hebben ook onafgemaakte zaken en ik ben blij dat ik de kans heb die het volgend jaar in de Formule 2 te voltooien. Met als doel kampioen te worden."

Yn de Formule 2 krijt De Vries takom seizoen konkurrinsje fan Mick Schumacher, de soan fan Michael Schumacher, dy't in kontrakt tekene by Prema Racing, de âlde ploech fan De Vries.

Trefwurden: 
Nyck de Vries autokoereur
(advertinsje)