Wurdt 'blokkeerfries' it wurd fan it jier?

28 nov 2018 - 11:02

Fan balanstrutje oant bomcycloon en fan creditboy oant drankhangen. De list mei wurden foar it wurd fan it jier fan 2018 is bekend. Fan woansdei ôf kin der stimd wurde op het 'Van Dale Woord van het Jaar 2018'. Ien fan dy wurden is blokkeerfries.

Foto: Camjo Media

De groep Friezen dy't ferline jier in blokkade feroarsaken op de A7 by Aldehaske hat foar in soad argewaasje yn de media soarge. Hjirtroch kamen se al gau bekend te stean as de 'blokkeerfriezen'. De namme waard wiidweidich brûkt yn sawol lanlike as regionale media, wêrtroch't it genôch opfallen is foar in nominaasje foar wurd fan it jier.

De stimmers hawwe oant 17 desimber om op in nij wurd te stimmen. It Nederlânske publyk koe it ôfrûne jier nije wurden ynstjoere. Dêr hat Van Dale in top 18 fan makke. De winner wurdt it offisjele 'Van Dale Woord van het Jaar 2018'. Op 18 desimber makket Van Dale bekend wat it wurd fan jier wurdt.

Dit binne de achttjin wurden dêr't op stimd wurde kin:

balanstrutje, blokkeerfries, bomcycloon, creditboy, drankhangen, hempathie, intimiteitscoördinator, kantlijnsporter, kwispellezen, mangomoment, plogging, practivisme, primarkpremie, rooftijdschrift, selfieshopper, testosterontweet, vliegschaamte en yogasnuiver.

(advertinsje)